Carel Steven Adama van Scheltema (dichter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 5:
Adama van Scheltema studearre in skoftke medisinen, waard toanielspiler, hie in keunsthannel om him dan hielendal oer te jaan oan de literatuer. Hy waard lid fan de [[SDAP]] (dat in part fan syn oeuvre bestiet út sosjalistysk dichtwurk). Op 24 oktober 1907 troude Adama van Scheltema mei [[Annie Adama van Scheltema-Kleefstra|Annie Kleefstra]].
 
Adama van Scheltema woe ta in nije folkskeunst komme en bestride út reden dêrfan de [[tachtigers]]. Yn ''De grondslagen eener nieuw poëzie'' ([[1907]]) bestride er hij it "keunst om de keunst"-idee, en pleite yn 't plak dêrfan foar "keunst om 'e wille fan de minsken om jin hinne". Fierders miende er: 'In gedicht moat in muzykstik fan wurden en tinzen wêze, dat troch safolle mûglik fan ús meiminsken field en begrepen wurde kin'. Dat syn gedichten falle op troch ienfâld. Adema van Scheltema syn politike wurk wurdt net folle mear om jûn, mar syn natoerlyryk fynt noch wol wurdearring.
 
Adama van Scheltema stoar mei 47 jier yn Bergen.