Skopje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L hoecht net yn fette letters; alfabet
L st
Rigel 22:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Skopje station1 i juli 1979.jpg|thumb|De oere fan 'e ierdbeving fan 1963]]
Op [[26 july]] [[1963]] wurdt Skopje moarnsier troffen troch in swiere [[ierdbeving]] fan 6,1 op'e [[skaal fan Richter]]. Dêr kamen 1.000 minsken by om it libben en rekken 120.000 minsken harren hûs kwyt. 80% fan de stêd, mei in protte monuminten, waard ferneatige troch de beving. Sadwaande is de [[Ottomaanske Ryk|Ottomaanske]] ynfloed op it stêdsbyld lykwols fuort. Troch ynternasjonale help is de stêd der rap boppenop kaam. Ek it âlde treinstasjon waard ferneatige troch de ierdbeving. De klok stiet noch hieltyd op 5.17 oere, it stuit dat de ierdbeving plakfûn.
 
Under [[Joegoslaavje]] waakste de stêd rap en waard in wichtich yndustrysintrum foar it suden fan 'e Balkanregio en súd-east Jeropa. Doe't yn [[1991]] de Joegoslavyske federaasje oan syn ein kaam, waard Skopje haadstêd fan it ûnôhinklike [[Noard-Masedoanje]]. [[Grikelân]] wie tsjin op'e namme Masedoanje en begûn mei in ekonomyske boykot tsjin it lân, wat in soad ekonomyske skea feroarsake hat troch it sluten fan Masedoanjes paad nei de see fia Tessaloniki (Solun). De boykot kaam yn [[1995]] ta in ein nei in oerienkomst tusken beide regearen.
 
== Polityk ==
It regear fan 'e stêd is ferparte tusken de boargemaster en de ''Ried fan de stêd Skopje''.
 
=== Boargemaster ===
Rigel 45:
** Kommisje ynformaasje Systeem
 
De ried wurket gear mei de lokale distrikten fan 'e stêd, oare stêden yn [[Noard-Masedoanje]] en Skopje syn partnerstêden.
 
== Partnerstêden ==