Master Eckhart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 8:
 
== Preken en traktaten ==
Fan Eckhart binne preken en traktaten bewarre bleaun. It belangrykste traktaat is wol it ''Liber benedictus'', ek wol 'It boek fan 'e Godlike Treast' neamd. Ut syn perioade yn Parys is in tal ''quaestiones'', "fraachstikken", feitlik ferslaggen fan publike diskusjes oer stellings en problemen, bewarre bleaun. Syn preken binne foar in part yn it [[Middelheechdútsk]], diels yn it [[Latyn]] oerlevere. It opmerklikst liket wol dat dizze gelearde man sa goed prate koe yn de taal fan it folk. Eckhart brocht it Middelheechdútsk nei nije hichten. Guon fan syn preken hat Eckhart sels delskrean, oare binne optekene troch syn taharkers.
 
De preken toane oan 'e boppekant net folle fan syn grutte eigenheid mei de midsiuwske skolastyk. Syn mystike ferbylding utere er op in wize dy't faak as onortodoks beskôge is. Wichtige oanwizings yn syn preken binne wol de ''via negativa'', de "wei fan 'e ûntkenning": troch skynbere wissigheden op losse skroeven te setten, wol Eckhart minsken oan in tichtere bân mei God bringe. Der is wiisd op in beskate gelikenis mei it [[zenboedisme]]. De taal dy´t Eckhart brûkt, is faak tige eigen.