Femke de Walle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
L [[]] tefolle
Rigel 19:
| webside = [https://nl-nl.facebook.com/femke.dewalle.5 Femke de Walle] op [[Facebook]]
}}
'''Femke de Walle''' ([[Baambrugge]], [[13 maart]] [[1983]]) is in [[Fryslân|Frysk]] [[presintatrise]] en [[muzikant]]e. Se waard yn [[1983]] út Fryske [[âlden]] [[berne]] yn [[Baambrugge]], in plak yn it noardwesten fan 'e [[provinsje]] [[Utert (provinsje)|Utert]], deunby de [[Finkefeanske Plassen]]. Se [[jonkheid|groeide lykwols op]] yn Fryslân en genoat [[middelber ûnderwiis]] op 'e [[HAFU]] fan it [[Kristlik Lauwers Kolleezje]] yn [[Bûtenpost]]. Neitiid [[studearre]] De Walle [[sjoernalistyk]] oan 'e [[Hegeskoalle Windesheim]] yn [[Swol]].
 
De Walle waard [[ferslachjouster|radioferslachjouster]] en -[[presintatrise]] by [[Omrop Fryslân]]. Se presintearre it [[radioprogramma]] ''Klipkar''. Dêrnjonken is se ek [[muzikant]]e ([[pianist]]e) en [[optreden|treedt se op]] mei har [[suske]] [[Elske DeWall]]. De Walle wennet op [[De Gordyk]] mei har [[oarehelte|man]] Allan en [[bern (persoan)|bern]], de [[twilling]] Liv en Liam ([[2013]]) en Luuk ([[2017]]). Yn [[maart]] [[2020]] lei se har wurk by Omrop Fryslân en as muzikante abrupt del om't se skjin ynein wie en har batterij net mear opladen krige. Sels omskreau se it yn in [[fraachpetear]] mei de ''[[Ljouwerter Krante]]'' sa: "Ik rûn mei de bek op 'e grûn."