West Hollywood (Kalifornje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + flagge
L [[]] oars
Rigel 24:
 
==Skiednis==
Oarspronklik waard de krite dêr't West Hollywood no leit, bewenne troch de [[Tongva (folk)|Tongva]]-[[Yndianen]]. Nei't it gebiet geandewei de [[achttjinde iuw]] troch de [[Spanje]]rts [[kolonisearre]] wie, kaam it yn [[1848]], ûnder it [[Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo]], dat in ein makke oan 'e [[Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch]], by de [[Feriene Steaten]] te hearren. Tsjin 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] waard de [[delsetting]] Sherman der stifte troch [[Moses Sherman]] en syn partners fan 'e [[Los Angeles Pacific Railroad]]. Yn 'e earste [[desennia]] fan 'e [[tweintichste iuw]] krige Sherman de reputaasje fan in plak dêr't eksintrikelingen har túltsjes úttúlje koene, en teffens fan in plak dat it ûnder de [[Drûchlizzing (Feriene Steaten)|Drûchlizzing]] net sa nau naam mei it ferbod op it skinken fan [[alkohol]].
 
Nettsjinsteande dat it grutte buorplak [[Los Angeles]] ferskate kearen besocht om Sherman te [[anneksaasje|anneksearjen]], keas dat derfoar om selsstannich te bliuwen, krektlyk as it buorplak [[Beverly Hills]]. Alle oare plakken yn 'e krite waarden meitiid lykwols troch Los Angeles opslokt, mei as gefolch Sherman en Beverly Hills in [[bestjoer]]lik selsstannige [[enklave]] yn Los Angeles waarden. Yn [[1925]], doe't de oangrinzgjende [[Los Angeles|Los Anzjelynske]] [[wyk]] [[Hollywood]] ferneamd wurden wie om syn [[film]]yndustry, feroare Sherman syn namme yn West Hollywood. Lang net alle ynwenners wiene it dêrmei iens, dat it wie in kontroversjeel beslút.