Katedraal fan Lincoln: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
L st
Rigel 57:
[[File:Lincoln Cathedral Choir, Lincolnshire, UK - Diliff.jpg|thumb|250px|''Koerbanken'']]
[[File:Lincoln, UK - panoramio (83).jpg|thumb|250px|''Kleastergong'']]
Tusken 1307 en 1311 kaam de sintrale toer op de tsjintwurdige hichte fan 83 meter. De westlike tuorren en gevel waarden ek renovearre en ferhege. Yn dy tiid krige de toer ek de hege houten spits, wêrmei't de toer in totale hichte krige fan 160 meter. Alhoewol't der ôfwikende mienings binne, kinne de measte boarnen harren wol yn dy hichte fine. In fûle stoarm yn 1548 makke in ein oan de reputaasje fan it heechste gebou fan 'e wrâld, doe't de spits der ôfwaaide en yn de fal in grut part fan it noardeastlike dak fan it transept ferneatige. Ek yn de 14e iuw waard in [[doksaal]] ynboud en krige de katedraal nije koerstuollen. De iken koerstuollen mei in wâld oan hege pinakels hearre ta moaiste fan it Feriene Keninkryk. De nissen boppe de baldekinen binne opfolle mei anglikaanske hilligen. De koerstuollen binne ryklik bewurke mei fykwurk. Der binne bibelske ûnderwerpen, mar ek bisten en boartlike foarstellings. Foar de tafoeging fan in belfort waarden de beide westlike tuorren fanôf 1420 ferhege. Om't ek de westlike tuorren gefaar rûnen om ûnder it eigen gewicht yn te stoarten, waarden de spitsen yn 1807 lang om let fan de tuorren ferwidere.
 
Earder waarden de manuskripten yn in kast of kiste bewarre, mar yn 1422 waard ek útein set mei de bou fan de bibleteek. Dy kaam boppe it eastlike diel fan de kleastergong, grinzgjend oan it kapittelhûs. De boeken krigen no in plak yn in kast en waarden mei kettings fêstlein oan de boekekast. Trije midsiuwske lêsbanken en ien bankje bleaune bewarre yn de bibleteek, dy't boud waard foar likernôch 100 manuskripten.