Kirchborgum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 32:
 
== Skiednis ==
De earste tsjerke út it jier 1638 waar by in ynbrek fan 'e dyk troch de Iems ferswolge. De hjoeddeiske herfoarme tsjerke waard yn 1827 troch J.B. Kröger yn de [[Neoklassisisme|klassisistyske styl]] fan de 19e iuw boud. De tsjerketoer út 1766 fan de âldere tsjerke bleau dêrby bewarre. It is in ienfâldige [[sealtsjerke]] fan bakstien mei [[Neostilen|neoromaanske]] fersierings lykas [[Liseen|lisenen]] en ramen mei rûne bôgen. It ynterieur wurdt ôfsletten troch in houten tonneferwulft. De Biedermeier-preekstoel komt oarspronklik út de foargongertsjerke. It oargel waard troch de bruorren Rohlfs út [[Esens]] boud.
 
Oan it ein fan de [[Twadde Wrâldoarloch]] hie it plak swier te leien ûnder de de gefjochten fan de weromlûkende Wehrmachttroepen tsjin de Kanadezen. Ferskate hûzen, de tsjerke en de pastorije rekken swier skansearre. Fan 27 april oant 1 maaie moaste de ynwenners fan Kirchborgum tegearre mei de ynwenners fan Bingum evakuearre wurde. Trije ynwenners fan Kirchborgum stoaren troch de oarlochshannelingen. Yn de kriich kamen 31 manlju fan de gemeente net werom út de striid, hjirûnder foelen 11 fermisten.