Jakobus (apostel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 13:
Yn Spanje, it lân dêr't Jakobus de lânshillige is, ûnstiene tal fan leginden om de apostel Jakobus. It soe Jakobus west ha, dy't nei de Himelfeart fan Jezus op it [[Ibearysk skiereilân]] it evangeelje brocht.
 
Nei't de apostel werom gien wie nei Jeruzalem en dêr de marteldea stoar, soene learlingen it lichem fan de ûntholle Jakobus sûnder bemanning yn in skip lein ha, dat letter oanspielde op it strân fan it noard-westlike diel fan Spanje. It lichem waard in ein it lân meinommen en begroeven en rekke dêrnei yn de ferjitnis. Letter, yn de 9e iuw, waard it grêf op 'e nij ûntdutsen. Oer it grêf hinne waard in earst in kapel boud, dêrnei in tsjerke en wer letter in katedraal. Sa ûntjoech yn de 11e en 12e iuw it pylgersplak Santiago de Compostela, ien fan de wichtigste beafeartsplakken fan it Westerske kristendom. Troch hiel it Jûnslân rûne fêste paden nei Santiago.
 
Nei't [[islaam|islamityske]] legers fanôf 711 it Ibearysk skiereilân, op in smelle stikje yn it noarden nei, besetten, krige de hillige fan de kristlike ferdigeners jimmeroan mear militêre kwalifikaasjes. Kening [[Alfons III fan Astuerje]] (866-910) brocht de hillige yn ferbining mei de befrijing fan de kristenheid fan de Moaren en skreau in oerwinning oan Jakobus ta. It wjeroverjen fan de stêd [[Coimbra]] yn 1064 troch kening [[Ferdinand I fan Kastylje]] waard tanke oan "Kristus' soldaat" Jakobus.