Sevearus Aleksander: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 5:
Aleksander Sevearus waard berne mei de Latynske namme ''Marcus Julius Gessius Alexianus''' (of neffens oare boarnen '''Gessius Bassianus Alexianus''') yn "Caesarea sub Libano" yn it tsjintwurdige [[Libanon]]. Troch syn beppe [[Julia Maesa]] waard hy nei foaren skood as erfgenamt fan de Romeinske keizer [[Elagabalus]]. Syn beppe beskerme him ek tsjinoer lettere besikings him út de wei te romjen. Elagabalus waard fermoarde en de jonge Aleksander Sevearus waard, yn earsten ûnder fâdij fan syn beppe en nei har dea fan syn mem [[Julia Mamaea]], de nije keizer.
 
As neef fan syn foargonger [[Elagabalus]] hie Aleksander Sevearus it prysterskip fan [[El-Gabaal]] urven, mar hy makke fuort in ein oan dizze ymportearre religieuskse praktiken yn Rome, want de Romeinske befolking wie hjir frijwat op tsjin. Hy stjoerde de hillige stien fan [[Emesa]] werom nei [[Syrje]] en wijde de timpel fan Elagabalus op 'e nij oan de Romeinske god ''[[Jupiter (god)|Jupiter]] Ultor''.
 
== It Sassanidyse gefaar ==