Joazef fan Nazaret: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
Rigel 11:
Neffens de beskriuwing fan de evangelist Mattéus wiene Joazef en Marije oan inoar fersein. Doe't Marije swier rekke sûnder omgong hân te hawwen mei Joazef, naam dy har tsjin de gewoante yn dochs ta syn frou. Dat barde op oanwizing fan in ingel, dy't him nachts yn in dream besocht.
[[File:Goya - Muerte de San José o el Tránsito de San José.jpg|thumb|left|200px|''It stjerbêd fan Joazef (El Tránsito de San José)'', [[Francisco Goya]]]]
No moast Joazef yn it ramt fan in folkstelling út Nazaret nei syn bertestêd tsjen om him dêr mei syn yntusken heechswangere frou ynskriuwe te litten. Dat wie [[Betlehem]], it plak dêr't Jezus op de wrâld kaam. Trije [[Wizen út it Easten|wize manlju]] lutsen mei harren gefolch nei [[Jeruzalim]] en fregen dêr wêr't hja de kening fan de Joaden fine koene. Doe't [[Herodes de Grutte|kening Herodes]] dat hearde fielde er him yn syn posysje slim bedrige en hy frege oan de hegeprysters wêr't dy nije kening dan op de wrâld komme soe. Nei't dy him andere hiene dat de profeet foarsein hie dat de nije kening út Bethlehem komme soe, liet er alle jonkjes fan ûnder de twa jier yn Bethlehem ombringe, itjinge bekend waard under de namme [[Bernemoard yn Betlehem|de Bernemoard]]. Joazef wie doe al mei syn frou en de lytse poppe flechte, want op 'e nij wie him earder al in ingel yn in dream ferskynd, dy't him warskôge om te flechtsjen nei Egypte (Mattéus 2:13-23). Doe't it wer feilich wie kaam de famylje ek wer op godlike oanwizings werom en setten harren yn Nazaret nei wenjen, dêr't Jezus grutbrocht waard.
 
Om't Joazef yn de evangeeljes fan Lukas en Mattéus allinnich yn de jonkheid fan Jezus foarkomt, wurdt der fan út gien dat Joazef noch foar it publike optreden fan Jezus ferstoarn is.