De Fûke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 1:
'''''De Fûke''''' is in [[roman]] fan [[Rink van der Velde]] út [[1966]] dat him ôfspilet yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. Yn [[1995]] hat de skriuwer it boek omstavere en ek de ynhâld op 'e nij besjoen. Yn [[2000]] makke [[Steven de Jong]] de [[film]] ''[[De Fûke (film)|De Fûke]]'', op basis fan dit boek.
 
== Ynhâld ==
Krekt as yn hiel Nederlân dûke der ek [[Joaden]] ûnder yn [[Fryslân]]. Ek by in ielfisker dy’t mei syn frou Gryt en soan Germ efterôf yn in húske oan de [[Tsjûkemar]] wennet. Op in nacht komt Germ net thús fan syn nachtlike tochten op’eop ’e mar. De oare deis hellet de plysje mei de Dútsers Germ syn heit op om him te ûnderfreegjen. De [[anargisme|anargistyske]] ielfisker siet al faker foar ferhoar en is gjin maklik mantsje. Hy hâldt him stil as’t se him ûnderfreegje. Under it ferhoar rekket er hieltyd fierder yn de 'fûke'. Letter docht him bliken dat Germ oppakt is by syn wurk foar it ferset. As syn heit dat trochkrijt slaan by him de stoppen troch en dat is it begjin fan de ein.
 
== Oersettingen ==