Ipatjevhûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 17:
 
== De sloop fan it Ipatjevhûs ==
Ein 1919 foel Jekaterineburch op 'e nij yn de hannen fan de Bolsjewiken. It hûs bleau no foar in lange tiid leech stean, oant it yn 1927 iepene waard as in museum foar de revolúsje. Besikers koene de keamers op de earste ferdjipping besjen, mar de kelder bleau sluten om't der de argiven fan de pleatslike sovjet opslein leine. It museum gyng yn 1932 wer ticht. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] krige it hûs meardere bestimmingen. It hûs waard brûkt om argiven fan de kommunistyske partij op te slaan, it wie in Museum fan it Ateïsme. Fanwegen de skiednis bleau it Ipatjev-hûs belangstellenden lûken, ek al wie it net mooglik om it hûs te besjen. Alle jierren wer leine boargers op 17 july blommen by it hûs tan oantinken oan de keizerlike famylje.
[[File:Crkva na korvi.JPG|thumb|left|250px|Bloedtsjerke]]
Alhoewol't yn 1974 it Ipatjev-hûs as in histoarysk monumint klassifisearre waard, naam Michail Sûslov, in lid fan it Politburo, in pear jier letter it beslút dat it Ipatjev-hûs sloopt wurde moast. De offisjele reden wie dat it hûs wike moast foar it ferbetterjen fan it ferkear yn dit diel fan de stêd, mar de wiere reden wie dat Moskou gjin ferlet hie fan in beafeartsplak foar de fermoarde keninklike famylje. It wie de earste presidint fan de [[Russyske Federaasje]], [[Boris Jeltsyn]], dy't doedestiids noch haad wie fan de regionale Kommunistyske Partij, dy't twongen waard om de opdracht út te fieren. Letter neamde Boris Jeltsyn de sloop in "barbaarske died"