Noäch (bibelsk persoan): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 6:
== De bou fan de arke ==
[[File:Big Ark in Dordrecht 3.jpg|thumb|left|250px|De arke sa't dy der út sjoen moatten hat neffens de bouwer Johan Huibers (Dordrecht).]]
Om't God fan plan wie om troch in wetterfloed in ein te meitsjen oan al it libben op 'e wrâld, krige Noach de opdracht in arke te bouwen. God joech hiel krekt oan fan wat hout en op hokker wize it skip boud wurde moast. Nei't de arke klear wie moast Noach mei syn frou, syn soannen en de froulju fan de soannen de arke yngean. Fan de ûnreine bisten moasten hja ien pear meinimme en foar alle oare bisten en fûgels sân pear. Noach folge sekuer alle foarskriften fan God op en doe't it safier die God de doar fan de arke ticht.
 
== De Sûndfloed ==
[[File:'Noah's Offering', oil on canvas painting attributed to Francesco Castiglione, El Paso Museum of Art.jpg|thumb|left|250px|Noachs offer (Francesco Castiglione)]]
De sluzen fan de himel waarden iepene, de boarnen fan de grutte ôfgrûn barsten los en it bleau fjirtich dagen en nachten oanien hoazen. Stadichoan kaam it wetter heger en heger en mei waard ek de arke optild. Alles op de wrâld wat op it drûge libbe ferdronk en sels de heechste bergen ferdwûnen ûnder it wetter, wol hûndertfytich dagen. Dêrnei liet God in wyn oer de wetters waaie, sa't it wetter wer begûn te sakjen en nei hûndertfyftich dagen rekke de arke de berch Ararat de grûn. Nei moannen wiene ek de toppen fan oare bergen te sjen. Noach liet earst in raven frij om te sjen hoe fier it wetter sakke wie, mar die kaam net wer. Dêrnei waard in do loslitten, dy't lykwols werom kaam om't it nearne drûch wie. Nei sân dagen waard de do nochris loslitten en doe kaam de fûgel werom mei in olivebledsje. Noach wachte doe noch ris sân dagen en liet de do op 'e nij fleane, dy't doe net wer kaam. No wist Noach dat it drûch wie en God sei tsjin Noach dat minske en bist de arke ferlitte moasten.
[[File:Bernardo Cavallino - L'Ebbrezza di Noè (anni 1640).jpg|thumb|right|250px|De dronken Noach (Bernardo Cavallino, 1640)]]