Joazef (soan fan Jakob): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 18:
==== Joazef wurdt ûnderkening ====
[[File:Joseph deutet die Träume des Pharao Venedig 18Jh.jpg|thumb|left|250px|Joasef leit de dreamen fan de farao út]]
Yn de finzenis kaam Joazef yn 'e geunst by de sipier en dy betroude Joazef de soarch foar oare finzenen ta. Sa kaam Joazef yn kontakt mei twa bysûndere finzenen: de opperskinker en de opperbakker fan de farao. Joazef wist dizze finzenen ris te helpen troch in dream út te lizzen. Ien fan dizze finzenen, de opperskinker, kaam letter frij en doe't de farao ris in wûndere dream hân hie en witte woe wat it te betsjutten hie, rikkemandearre de skinker Joazef oan om syn dreamen út te lizzen.<ref>Genesis 39:21-23; Genesis 40</ref>
 
Sa kaam Joazef by de farao en dêr krige hy farao's dreamen te hearren. De iene dream gyng oer sân fette kij, dy't troch sân meagere kij waarden opfretten. De twadde dream gyng oer sân skrale ieren dy't sân moaie ieren opslokten. Joazef lei de farao út dat beide dreamen ien betsjutting hiene en dat de sân fette kij en sân moaie ieren foar sân jierren fan oerfloed stiene, dy't mei de skrale kij en de suterige ieren folge waarden troch sân jierren fan hongersneed. Ek riede Joazef de farao oan om maatregels te nimmen en foar de sân meagere jierren foarrieden oan te lizzen. De farao wie sa optein mei de útlis fan syn dreamen en de wize rie, dat hy Joazef fuortendaliks beneamde ta de op ien nei wichtichste man fan it ryk. Joazef krige fan de farao de namme Safnat Paneäch en hy joech [[Asnat]], de dochter fan pryster [[Potifeara]], as frou. <ref>Genesis 41:1-45</ref>
Rigel 25:
De foarspellings fan Joazef kamen út en nei de fette jierren kamen de jierren fan honger en brek. Ek yn Kanaän wie it slim en op in dei sei Jakob dat er heard hie dat der yn Egypte wol genôch iten te krijen wie en hy stjoerde alle soannen der op út om dêr nôt te keapjen. Allinnich Benjamin, Joazef's folle broer, bleau thús, want Jakob woe út noch yn net dat Benjamin wat oerkomme soe.
 
De soannen kamen by de ûnderkening en bûgden harren djip en net ien fan harren hie yn 'e rekken dat hja sa djip bûgden foar har eigen broer. Mar Joazef seach wol dat it syn bruorren wiene, dy't him as slaaf ferkocht hiene, mar liet dat fierders net blike. Joazef betocht in plan en hy frege harren út oer de famylje. Sa kaam Joazef wat te witten oer syn heit en syn broer Benjamin. Ek begûn hy de bruorren te beskuldigjen fan spionaazje yn it ryk fan de farao en hy liet se trije dagen finzen sette. Nei't dy trije dagen wer foarby wiene, stienen de bruorren op 'e nij foar Joazef. Hy joech de bruorren te ferstean dat hy se ûnder ien betingst gean liet: hja krigen sekken nôt mei, mar moasten werom komme mei harren jongste broer Benjamin en om der wis fan te wêzen dat de bruorren harren wurd holden moast ien fan harren, [[Simeön (soan fanJakob)|Simeön]], yn Egypte efterbliuwe. Joazef joech syn tsjinders opdracht om it jild, dat syn bruorren foar it nôt betelje moasten, temûk yn de sekken nôt te dwaan en doe't de bruorren dit letter ûntdutsen waarden se hielendal kjel. No koene se ek noch foar dieven útmakke wurde en fertwifele fregen de bruorren harren ôf wat God har no oandien hie.<ref>Genesis 42:1-25</ref>
 
Doe't de bruorren werom yn Kanaän wiene en harren heit fernijden wat de ûnderkening fan harren easke hie, makke de âlde Jakob harren ferwiten en frege wêrom't hja de ûnderkening ferteld hiene dat der noch in broer wie. It beslút fan Jakob stie fêst: hy liet Benjamin net gean. Mar doe't de honger oanbleau en it graan oprekke moast er belies jaan en syn jongste soan gean litte nei Egypte. Om de ûnderkening tefreden te stellen liet Jakob geskinken meinimme en dûbeld safolle jild om ek it jild yn de sekken werom betelje te kinnen.<ref>Genesis 41:46-57; Genesis 42:1-38</ref>
Rigel 31:
 
==== De twadde reis nei Egypte ====
Foar de twadde kear reizgen de bruorren fan Joazef no nei Egypte en dit kear mei Benjamin. By it sjen fan syn broerke Benjamin rekke Joazef tige oandien, dat hy him ôfsûnderje moast om út te gûlen. Nei't Joazef syn bruorren te iten en drinken jûn hie, joech hy opdracht de sekken groatfol mei graan te foljen en it jild dat de bruorren betellen op 'e nij yn de sekken te lizzen. Mar yn de sek fan Benjamin liet Joazef ek noch syn sulveren beker ferstopje.
 
Underweis nei Kanaän waarden de bruorren ynhelle troch de tsjinstfeint fan Joazef, dy't yn opdracht fan Joazef de bruorren fan it stellen fan de sulveren beker beskuldige. De bruorren begrepen der neat fan en seine, dat as de beker by harren fûn waard, dat hja dan as slaaf mei werom gean soene. Grut wie de skrik doe't de beker yn Benjamin's sek fûn waard en wol sa grut, dat de bruorren harren klean stikken skuorden. Allegear gyngen hja mei werom nei de stêd en dêr smieten hja har foar de ûnderkening del om harren as slaaf oan te bieden. Nei't Joazef sei dat allinnich Benjamin bliuwe moast as slaaf om't by him de beker fûn wie en dat de rest gean mochten, kaam Juda, de broer dy't útsteld hie om Joazef te ferkeapjen, nei foarren. Hy lei út hoe dreech it west hie foar syn âlde heit om syn jongste soan gean te litten en dat syn heit stjerre soe as de jongen net werom kaam. Dêrom frege Juda oft hy it plak fan Benjamin as slaaf net ynnimme mocht. Juda's wurden "Hoe soe ik nei ús heit tagean kinne, as de jonge net by my is? It leed dat ús heit dan treffe sil, soe foar my net om oan te sjen wêze" taaste Joazef sa yn 't moed, dat hy yn gûlen útbarstte. No koe Joazef him net mear stilhâlde en hy makke him bekend as harren broer dy't hja ferkocht hiene.