Sedekía fan Juda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L t
L st
 
Rigel 22:
 
[[Ofbyld:102.Zedekiah's Sons Are Slaughtered before His Eyes.jpg|thumb|left|250px|Sedekía wurdt twongen ta te sjen hoe't syn [[soan]]nen ôfslachte wurde (Gustave Doré)]]
De ûntrou fan Sedekía hie fan gefolgen dat Nebûkadnêzer Juda op 'e nij binnenfoel. Hy liet alle fêstings ferwoastgje en belegere Juda's haadstêd [[Jeruzalim]]. Hjirtroch ûntstie der in grutte hongersneed ûnder de befolking. De profeet [[Jeremía (profeet)|Jeremía]] warskôge de kening dat hy him better oerjaan koe, om't oars de stêd platbaarnd wurde soe en Sedekía net oan Nebûkadnêzer grime ûntkomme soe. Mar de kening woe net nei Jeremía harkje en wie benaud tamtearre te wurden as er him oerjoech. Doe't it Chaldeeske leger in gat wist te slaan yn de stedsmuorre besocht kening Sedekía dy nachts noch wei te kommen, mar it leger helle him en syn mannen op de flakte fan Jericho yn en sloech him dêr yn de boeiens.
 
Wylst Sedekía moast tasjen, liet Nebûkadnêzer yn Ribla al syn soannen deadzje. Nei't de prinsen ombrocht wiene, waard Sedekía de eagen útstutsen en nei Babel brocht. Oant syn dea waard hy dêr yn it tichthûs finzen holden.<ref>Jeremía 52:11</ref>
Rigel 33:
It bibelboek 2 [[1 en 2 Kroniken|Kroniken]] makket dúdlik dat de ûndergong fan Jeruzalim alhiel werom te bringen is op de ûntrou fan Juda foar de God fan Israel oer. Sedekía die wat God ferkeard achte en woe him net nei de Heare ta keare. De prysters en it folk harken net nei de profeten, ûnthilligen de timpel en joegen harren oer oan de "grousume gewoanten fan de heidenfolken".
 
:''De Heare, de God fan har foarfaars, stjoerde foar en nei boaden, want it dearde Him oan om syn folk en syn wente, mar hja laken Gods boaden út, achten syn wurd net enhiene de gek mei Syn profeten. Dat gong troch oant de grime fan de Heare sa grut waard, dat der gjin helpen mear oan wie. Dêrom makke Er, dat de kening fan de Chaldeeërs tsjin harren opsetten kaam..... Alles joech God him yn 'e hannen.''<ref>2 Kroniken 36:15-17</ref>
 
== Sjoch ek ==