Sean Connery: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Frysk |
L (GR) File renamed: File:Sean Connery en Micheline Roquebrune (1983).jpg → File:Sean Connery en Saskia Cohen-Tanugi (1983).jpg Criterion 3 (obvious error) · Refer to the uncropped file and the cited source |
||
Rigel 55:
===Pinsjonearring===
Nei [[2004]] wie Connery belutsen by ferskate filmprojekten dy't op 'e non rûnen, wêrûnder ien oer de [[Midsiuwen|Midsiuwske]] [[Arabieren|Arabyske]] held [[Saladin]], dat derûnder strûpte doe't de produsint, [[Mûstafa Akkad]], yn [[2005]] omkaam by de [[hoteloanslaggen yn Amman (2005)|hoteloanslaggen]] yn 'e [[Jordaanje|Jordaanske]] haadstêd [[Amman]]. Yn [[2010]] wurke er noch as stimakteur mei oan 'e [[tekenfilm]] ''Sir Billi'', mar hy spriek geroften tsjin dat er yn 'e fjirde Indiana Jones-film spylje soe. Dat er desyllúzjonearre rekke wie oer ''"de idioaten dy't no films meitsje yn Hollywood"'' wie nei't it skynt de wichtichste reden foar Connery om him út 'e filmyndustry werom te lûken.
[[File:
Yn [[2004]] wie der sprake fan dat Connery in [[autobiografy]] skriuwe soe, mar dat rûn op neat út, en hy betelle it foarskot dat er al krigen hie werom oan [[útjouwerij]] [[HarperCollins]]. Wol skreau er, tegearre mei [[Murray Grigor]], in [[skiednis]]boek, mei as titel ''Being a Scot'' ("In Skot te Wêzen"), dat yn [[2006]] op syn 78ste jierdei publisearre waard. Yn [[2011]] hold Connery ek op mei yn it iepenbier te ferskinen. De lêste kear dat er sjoen waard, wie as taskôger op it [[Amerikaanske Iepen Tennistoernoai]], yn [[septimber]] [[2012]], dêr't er syn (Skotske) lânsman [[Andy Murray]] oanmoedige. Neitiid loek er him alhiel werom yn syn filla op 'e [[Bahama's]].
|