Pereslavl-Zalesski: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Stêd mei flagge| Ofbyld= 300px | | Flagge= File:Flag of Pereslavl-Zalessky (Yar..."
 
L st
Rigel 31:
By argeologysk ûndersyk yn 2016 waard yn it sintrum fan de stêd in massagrêf ûntdutsen. Troch de likenis mei massagrêven yn Jaroslavl wolle se der op oan dat de minsken yn it grêf omkommen binne by de ynfal fan de Tataren yn 1238. Ek de jiertallen 1252 , 1281 , 1282 , 1294, 1382, 1408 en 1419 binne ferbûn oan ynfallen, plonderings en ferneatiging troch de [[Gouden Horde]].
 
Yn de jierren 1276-1294 hearske Dmitri Perejaslavski, de soan fan Aleksander Nevski, grutfoarst fan Vladimir, oer Pereslavl. Hy residearre net yn Vladimir mar yn Pereslavl, sadat Pereslavl yn dat tiidrek op 'e nij de eigentlike haadstêd fan Noardeast-Ruslân wie.
 
Fanôf 1302 hearde Perslavl-Zalesski by it grutfoarstendom Moskou. De stêd ûntwikkele him ta in wichtich hannelsplak oan de wei fan [[Moskou]] nei [[Archangelsk]]. Yn 1608, yn de [[Tiid fan de Unstjoer]], waard de stêd troch in Poalsk-Litousk leger beset. Pereslavl waard op 'e nij ferneatige en moast neitiid op 'e nij wer opboud wurde. Dêrby ûnstiene ek meardere tsjerken, dy't tsjintwurdich noch besteane. De stêd makke fral yn it midden fan de 16e iuw in grutte bloei troch, doe't Ivan de Ferskriklike goed ynvestearre yn de stêd.