Katedraal fan Letterkenny: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
13
L st
Rigel 44:
De spits fan de katedraal hat in hichte fan 75 meter en de katedraal waard boud fan wite sânstien. It tsjerkemeubilêr is fan iken makke en hat in moarmeren preekstoel dy't dekorearre is mei de bylden fan de fjouwer [[evangelist]]en en de [[Annalen fan de Fjouwer Masters|fjouwer masters]]. De brânskildere ramen dy't it alter en de Us Leaffroukapel ferljochtsje binne it wurk fan de firma Mayer út München. Se stelle trettjin foarstellings út it libben fan de Hear foar. Keltyske motiven en glês-yn-lead binne ûntwurpen troch Harry Clarke en Michael Healy. De grutte bôge is fersierd mei foarstellings fan Sint-Adamnan en Sint-Kolumba. De ivige lampe is makke fan sulver en weget mear as 42 kilo. Guon bylden binne makke troch William Pearse, dy't fanwegen syn oandiel yn de Peaskeopstân yn 1916 eksekutearre waard.
 
De katedraal waard renovearre yn 1985 en foar in part op 'e nij ynrjochte. Der gyng in soad omtinken nei it behâld fan de styl en it materjaal fan it orizjinele alter. It oarspronklike alter, in Ierske wurk fan Leonardo's Lêste Jûnsmiel, bleau beholden en waard yntegrearre yn it nije folksalter.
 
De gevels fan de katedraal waarden yn july 2001 reinige .