Erich Maria Remarque: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 21:
Yn 1955 skreau Remarque it draaiboek foar de Eastenrykske film ''The Last Act (Der letzte Akt)'', oer Hitler syn lêste dagen yn de [[Führerbunker|bunker]] fan de [[Rykskaneselarij]] yn Berlyn; de film wie basearre op it boek ''Ten Days to Die'' (1950) fan [[Michael Musmanno]]. 1956 folge in toanielstik, ''Die letzte Station'', dat it goed die in Dútslân en op Broadway. ''Die Nacht von Lissabon'' (1962) wie it lêste wurk dat Remarque ôfmakke. Der waarden 900.000 fan ferkocht yn Dútslân, mar dêrbûten foel de ferkeap ek net ôf.
 
Remarque syn houlik mei de [[Hollywood]]aktrise [[Paulette Goddard]] yn 1958 duorre oant syn dea mei 72 jier yn in sikehûs yn Locarno op 25 septimber 1970.<ref>Dictionary of Literary Biography, Volume 56: German Fiction Writers, 1914–1945. A Bruccoli Clark Layman Book. Redaksje James Hardin, Universiteit fan Súd Karolina. The Gale Group, 1987. pp. 222–241.</ref>. Goddard liet $20 miljoen nei oan de Universiteit fan New York (NYU) foar it stiftsjen fan in ynstitút foar Europeeske stúdzjes, dat nei Remarque ferneamd waard. De earste direkteur fan it The Remarque Institute wie professor [[Tony Judt]]. De Erich Maria Remarque Papers hat de Falesbibleteek fan de NYU op 'e noed.
 
== Wurk ==