Radersma (oargelbouwers): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sa mar, fan nl:
L st
Rigel 11:
'''Pieter Jans Radersma''' ([[Easterlittens]], [[4 septimber]] [[1803]] – Wiuwert, [[31 maart]] [[1851]]), de âldste soan, wie noch mar 13 jier doe't syn heit ferstoar. Dat it liket derop dat syn heit him net folle bybrocht hawwe kin fan it fak, faaks is er yn de lear west by de firma Van Dam in Ljouwert. Ik kin ek wêze dat syn trije jier jongere broer Reinder Jans, dy't timmerman wie, him assistearre by de oargelbou. Piter waard net folle âlder as syn heit: doe't er as frijfeint sûnder bern stoar, wie er mar 47 jier.
 
Lykas syn heit ûnderhold Pieter it oargel yn Easterlittens en ek it [[Willem van Gruisen|Van Gruisen]]-oargel yn de [[Nikolaastsjerke (Nijlân)]] hie er op 'e noed. It fan Lambertus van Dam yn 1790 fernije Harmens-oargel yn de [[Sint-Martinustsjerke (Wirdum)]] ferboude er yn 1840. Nijbou-oargels fan syn hân (mei lettere feroarings) binne der noch yn:
* de [[Martenstsjerke (Skearnegoutum)]] - 1842, yn 1861 fernije troch [[Willem Hardorff]];
* de [[tsjerke fan Wier]] - 1842, yn 1925 restaurearre troch [[Bakker & Timmenga]];