Gundobad: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st: 'op'e troan' -> 'op 'e troan'
 
Rigel 9:
Hy krige as oerbefelhawwer te krijen mei de komst fan in part fan de [[Ostrogoaten]], lieden troch [[Fidimir]]. Dat folk hie har wengebiet yn [[Pannoanje]] ferlitten en besocht nei Itaalje te ferfarren. Gundobad koe de Ostrogoaten gewurde litte, sadat se fierder teagen nei Galje, nei har besibbe stam, de [[Fisigoaten]].
 
Yn it [[East-Romeinske Ryk]] koe keizer [[Leo I]] net akseptearje dat Glyerius op 'e troan yn it westen siet en stjoerde syn ferwant [[Julius Nepos]] mei in leger nei it westen om de hearskippij oer te nimmen.
Fanút [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaasje]], dêr't er gûverneur wie, fear Nepos mei in machtich leger nei Itaalje. Yn juny [[474]] berikte Nepos [[Ostia]] (de havenstêd fan Rome) en luts nei [[Ravenna (stêd)|Ravenna]]. Glycerius joech him oer en Gundobad waard troch Nepos foartendaliks ûntheft fan syn funksje yn it leger. Teloarsteld ferliet Gundobad Itaalje en gong werom nei syn stamferwanten yn Galje.