Odoäker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 6:
 
==Kening==
Doe't [[Orestes]], de [[magister militum]] fan it Romeinske leger, yn [[475]] in [[steatsgreep]] die en de macht griep, stie Odoäker yn it earstoan oan de kant fan de [[usurpator]]. Keizer [[Julius Nepos]] waard ferjage nei [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaatsje]] en de soan fan Orestes, [[Romulus Augustulus]], waard as nije keizer op 'e troan setten. Mar doe't de kânsen foar Orestes kearden, makke Odoäker gebrûk fan de situaasje en kaam mei it leger yn opstân. Orestes waard by [[Ravenna]] ferslein, finzen nommen en fermoarde, en Romulus Augustulus troch Odoäker ôfsetten. Romulus Augustulus waard út Rome [[ferballe]] en finzen holden op in eilân foar de kust fan Itaalje.
 
Odoäker koe sels gjin keizer wurde. Syn foargongers, lykas [[Risimer]], hiene as hja de troan bemasteren dêr in marionet op setten. Odoäker besleat lykwols it keizerskip oer it Westen formeel oan de keizer yn it Easten, [[Seno (keizer)|Seno]], te jaan. Dy keizer stimde hjir yn ta en beneamde Odoäker ta patrisiër en gong dermei akkoart dat Odoäker himsels as kening (eins ''dux'', "hartoch") fan Itaalje neamde.