Harry Muskee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 15:
Muskee waard op syn tsiende lid fan de fuotbalfereniging [[Achilles 1894]] en op syn fyftjinde gie er foar it earst nei gitaarles. Op de [[Mear Utwreide Leger Underwiis|mulo]] hearde er foar it earst [[jazz]] en [[dixieland]]. Mei de bruorren [[Jaap Hilbrandie|Jaap]] en [[Henk Hilbrandie]] rjochte er de band [[The Mixtures]] op. Ut dy band ûntstie The Old Fashioned Jazz Group. De band spile fral op skoalfeesten yn Assen.
 
Under oaren troch de radiostjoeder [[American Forces Network]], foar Amerikaanske militêren dy't yn Dútslân legere wiene, kaam Muskee yn 'e kunde mei [[blues]]muzyk. Doe't er by in platesaak de [[Langspylplaat|elpee]] ''Concert at Newport'' fan [[John Lee Hooker]] fûn, besleat er dat hy dy muzyk ek meitsje woe.
 
Doe't Muskee 20 jier wie (1961), stoar syn mem en in jier letter ek syn beppe.
 
Nei The Blizzards-periode spile er yn de formaasjes Red White 'n Blue, de Harry Muskee Band, de Muskee Gang en Muskee. Uteinlik die bliken dat de oarspronlike namme ''Cuby + Blizzards'' it meast oansloech en ûnder dy namme, mei de [[Grins (stêd)|Grinzer]] gitarist [[Erwin Java]], toerde Muskee in protte jierren toch binnen- en bûtenlân.<br>
Njonken dat presintearre er muzykprogramma's foar [[RTV Drinte]] en makke er foar dy stjoerder in stúdzjereis troch de súdlike steaten fan [[Feriene Steaten|Amearika]], op 'e siik nei de woartels fan de blues.
 
Op inisjatyf fan de Fryske deputearre en Muskeefan [[Gerard van Klaveren]] waard yn 1997 yn Grolloo in boarstbyld foar Harry Muskee oprjochte, makke troch [[Gerda van den Bosch]].