Spitsbergen (Noarwegen): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 32:
De geografyske lizzing is tusken 71°-81° NB en 10°-35° OL. De oerflakte is om-ende-by 63.000 km², wêrfan 60% bedekt is mei [[gletsjer]]s. Op de hiele archipel wenje, ôfhinklik fan it seizoen, 3000 oant 4000 minsken, wêrfan likernôch de helte yn de haadstêd [[Longyearbyen]]. Eastlik fan Spitsbergen leit de Russyske elannekloft [[Franz Joseflân]].
 
De namme Spitsbergen komt fan de Nederlanner [[Willem Barentsz]] dy't yn [[1596]] ûnderweis wie nei [[Nova Sembla]], op 'e siik nei in noardlike rûte rjochting East-Aazje.
 
Yn [[1920]] waard yn it [[Spitsbergen-ferdrach]] fêstlein dat de eilannen ûnder de [[soevereiniteit]] fan Noarwegen foelen; dat [[ferdrach]] waard yn [[1925]] fan krêft. Lykwols stiet it lân op harsels, de [[belestingen|belesting]] is oars regele as yn Noarwegen. It jild ôfkomstich út Spitsbergen, moat dêr ek opmakke wurde. Der wurdt gjin belesting heft op bygelyks alkohoalyske drank, sadat de prizen in stik leger lizze as yn Noarwegen. Fanwege de bysûndere bestjoerlike status hat Spitsbergen in eigen [[ISO 3166-1|ynternetdomein-lânkode]] (sj, tegearre mei [[Jan Mayen]]).