Ester (bibelsk persoan): ferskil tusken ferzjes

L
st
L (st)
L (st)
Om't de doedestiidske keninginne Wasty de kening misledige hie troch net te ferskinen op in keninklik feest, waard hja troch de hearskjende kening Ahasfearos ferstjitten. Dêrom lieten de hovelingen de moaiste jongfammen fan it ryk byinoar komme, dêr't de kening de nije keninginne út kieze koe. Ek Hadassa, dy't yn Ester 2:7 omskreaun wurdt as tige kreas, wurdt nei it paleis helle en tabetroud oan de haremwachter. Fan ôf dat momint liet Hadassa har mei har Perzyske namme "Ester" neame. De haremwachter mocht Ester graach leie en soarge der foar dat Ester in poerbêste behanneling krige. Har neef Mordekai hold op ôfstân in each yn 't seil en hie har earder op it hert drukt dat hja har joadske identiteit nea opjaan mocht. Fan alle froulju foel Ester by de kening it meast yn de geunst en sûnder dat de kening euvelmoed hie fan har joadske komôf waard Ester de nije keninginne.
 
Dyselde Mordekai wie poartwachter en krige der tafallich weet fan dat twa hovelingen fan doel wiene om in oanslach op de kening te plegen. Hy ynformearre Ester en dy joech it oan de kening troch. Sa wist de kening de oanslach op 'e tiid te foarren te kommen. Nei't alles neigongen wie, liet de kening de beide hovelingen arrestearje en oanslútend eksekutearje en sa kaam Mordekai's namme yn de kroniken telâne.
[[File:Wandschildering - Esther en Ahasverus - Stavoren - 20204892 - RCE.jpg|thumb|right|300px|Ester foar Ahasfearos|Muorreskildering yn it riedshûs fan Starum]]
 
 
==== Haman's earbewiis oan Mordekai ====
Haman hie it no moai foar inoar. Hy wie tige op it skik mei de útnoeging fan de keninginne en meikoarten soe hy ek fan al dy joaden ôf wêze. Foar Mordekai hie Haman in spesjale behanneling yn 'e holle. Hy liet foar syn hûs in peal oprjochtsje fan wol 25 meter heech om dêr Mordekai op de spytsen. Undertusken fernaam kening Ahasfearos op in nacht, doe't him de kroniken foarlêzen waarden om't er de sliep net krije koe, dat Mordekai nea in ûnderskieding krige hie foar it tefoarren kommen fan de oanslach op de kening. Tafallich wie Haman ek yn it paleis en Ahasfearos liet syn hovelingen Haman helje om ried wat te dwaan foar immen dy't men eare bewize woe. Haman wie wakkere wiis mei himsels en tocht fuort dat dizze ear him tafalle soe. Dat hy joech de kening de ried om sa'n man yn it kleed fan de kening, op it hynder fan de kening en mei in kroan troch de stêd te te lieden mei foarop ien fan de heechste foarsten dy't roppe moast ''Sa giet it mei de man, oan wa't de kening earbewiis jaan wol''. Mar ynstee fan Haman foel de joad Mordekai dizze ear ta en ta syn grutte skande wie it Haman, dy't as ien fan de heechsten yn it lân foar op rinne moast mei de wurden ''Sa giet it mei de man, oan wa't de kening earbewiis jaan wol''.
 
==== De kening heart fan de folkemoard ====
Doe't in beskamme Haman mei Ahasfearos oan de iterstafel by de keninginne siet, frege de kening wat hy foar de keninginne dwaan koe. Ester andere dat de kening har en har folk it libben sparje koe. De kening hearde dêr fan op en frege wa't it dan wol net yn 'e holle krige hie om har soks oan te dwaan. Doe wiisde Ester nei har oare gast en sei dat dêr de man siet dy't Ester en har folk ferdylgje woe. De kening waard sa lilk as in sage en rûn by de tafel wei, wylst Haman foar de keninginne delfoel om genede ôf te smeken. Werom yn it paleis seach Ahasfearos dêr Haman foar de keninginne lizzen en dat makke de kening noch lilker, want hy tocht no dat Haman de keninginne benei komme woe. Hy liet Haman fuort in sek oer de kop triuwe, nei de peal bringe dy't Haman foar Mordekai delset hie en him dêrop spytse. It besit fan Haman gyng oer op Ester en Ester droech Mordekai op it hûs te behearen. De kening beneamde Mordekai ta de wichtigste man yn it ryk nei de kening sels.
[[File:Ester y Mardoqueo escribiendo la primera carta del Purim (Ester, 9-20-21) - Aert de GELDER - Google Cultural Institute.jpg|thumb|right|300px|Ester en Mordekai skriuwe de joaden de Poerimbrief (Aert de Gelder, 1675)]]
 
12.649

bewurkings