Transendintalisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 5:
De beweging ûntstie as reaksje op de algemiene steat fan de kultuer en de maatskippij, en benammen, it [[yntellektualisme]] fan [[Harvard-universiteit|Harvard]] en de doktrine fan de [[Unitarisme (teology)|unitaristyske]] tsjerke sa't dy oan it seminary fan Harvard ferkundige waard. Ynspirearre en oantrune troch de Ingelske en Dútske [[romantyk]], de bibelkrityk fan [[Johann Gottfried von Herder|Herder]] en [[Friedrich Schleiermacher|Schleiermacher]], en it skeptisisme fan [[David Hume|Hume]], hannelen de transendintalisten út it tinken wei dat der in nij tiidrek oanbrutsen wie. Sy hiene krityk op de konformiteit sûnder neitinken fan harren maatskippij, en stiene derop oan dat eltsenien sykje soe nei wat Emerson "in oarspronklike relaasje mei it universum" noemde. Sintraal yn it transendintalisme is it leauwe yn de ynherinte goedens fan minske en natuer. Transendintalisten leauden dat de maatskippij en har ynstellingen, benammen [[religy|organisearre religy]] en [[politike partij]]en, de ûnskuld fan it yndividu korrumpearren. De transendintalisten leauden dat it bêste yn de minske boppe kaam at er selsstannich libbe en sels yn alles foarsjen koe. In wiere mienskip kin allinne út sokke yndividuen bestean.
 
Wichtige figueren yn it transendintalisme wienen [[Ralph Waldo Emerson]], dy't mei syn essay ''[[Nature (essay)|Nature]]'' de beweging min of mear op 'e gong brocht, en [[Henry David Thoreau]], waans boek ''[[Walden (boek)|Walden]]'' in soad ynfloed hie. Oare pommeranten wienen [[John Muir]], [[Margaret Fuller]], [[Amos Bronson Alcott]], [[Louisa May Alcott]], [[Charles Timothy Brooks]], [[Orestes Brownson]], [[William Ellery Channing]], [[William Henry Channing]], [[James Freeman Clarke]], [[Christopher Pearse Cranch]], [[Walt Whitman]], [[John Sullivan Dwight]], [[Convers Francis]], [[William Henry Furness]], [[Frederic Henry Hedge]], [[Sylvester Judd]], [[Theodore Parker]], [[Elizabeth Palmer Peabody]], [[George Ripley (transendintalist)|George Ripley]], [[Thomas Treadwell Stone]], [[Jones Very]] en [[A.E. Waite]].<ref>Gura, Philip F. ''American Transcendentalism: A History''. New York: Hill and Wang, 2007: 7–8. ISBN 0-8090-3477-8</ref>
 
==Oare betsjuttingen fan ''transendintalisme''==