Binnenlânske Striidkrêften: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 9:
De BS waard oprjochte nei it foarbyld fan de Frânske ''Forces françaises de l'intérieur''. [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Keninginne Wilhelmina]] wie der in grut foarstanner fan. De BS wie ferdield yn [[Rezjimint Stjittroepen Prins Bernhard]] en [[Beweitsingstroepen]]. Yn it noch bestte part fan Nederlân waarden de Stjittroepen oantsjut mei 'Strijdend Gedeelte (SG) der BS'. De manlju fan de Stjittroepen moasten út it wapene ferset komme. De Beweitsingstroepen wiene frijwilligers ''om op den dag der bevrijding en daarna orde en rust te handhaven c.q. te herstellen''. Sy soene earst by de befrijing de strjitte op gean.
 
De BS waard ek opgericht om de wapene fersetsbeweging yn 'e hân te hâlden, fral doe't dy in protte wapens krigen. De BS moast him oan alderlei regels hâlde. Sa mochten se harren pas as leger, as BS, oppenearje at de befelhawwer (prins Bernhard) it sein dêrta joech. De bondeling fan de trije wapene groepen betsjutte net, dat dy fuortendaliks yn de nije organisaasje opgiene. De ûnderlinge ferskillen wiene dêrfoar ek te grut.
 
De BS hie blauwe overalls as unifoarm<ref>http://hetverhalenarchief.nl/bevrijding/de-bureaulade-van-mijn-vader - https://www.flickr.com/photos/44666563@N04/7071343645/</ref>.
 
De Dútsers en de [[Alliearden]] hiene net folle op 'e rekken fan de BS. De BS ferwachten dat se "skouder oan skouder" mei de Alliearden "de moffen ynmeitsje soene". De Alliearden sleaten op 4 maaie 1945 lykwols in [[wapenstilstân]] mei de Dútskers yn West-Nederlân, ûnder betingst dat allinne Alliearden de Dútskers ûntwapenje soene, dat de BS net. Mei dy oeriemkomst wei de BS oerstallich rekke. De Alliearden ferbeane de BS om mei wapens op strjitte te kommen mei't sy benaud wiene dat anargy útbrekke soe en BS'ers Dútsers [[Lynchen|lynche]] soene.<ref>http://www.uitgeverij-fosfor.nl/longread/vrolijke-zwarte-maandag</ref> De BS hold him net oan dat ferbod en dat hat, neffens ûndersikers, ûnder oare laat ta sjittterij sa as dy op 7 maaie op de Dam yn Amsterdam.
 
== Underskiedingen ==