Skotske Heechlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 5:
De Heechlannen binne bergich en der wenje net in protte minsken. Lânskip en kultuer ferskille mei dy fan it súdliker Skotske leechlân. De kontrei is bekend om de [[whisky]] en de [[doedelsek]]muzyk.
Oant yn de 19e iuw waard hjir noch meast [[Gaelic]] sprutsen. Oant de [[Slach by Culloden]], yn 1746, wie it ûnrêstich yn de Heechlannen, omdat it sintraal regear net folle kontrôle hie oer de [[clan]]haden, dy't harren suver as ûnôfhinklike hearskers beskôgen en ûnderinoar oarlochjes útfjochten.
[[Image:Allt a' Mhuilinn.JPG|thumb|left|250px|[[Ben Nevis]] sjoen fan it paad op 'e skeante fan Allt a' Mhuilinn]]
 
Mids troch de Skotske Heechlannen rint de Great Glen (de ''Grutte Delling''), in delling foarme troch [[gletsjer]]s yn de [[Iistiid|iistiden]]. De bergen om dizze delling hinne ûntstiene troch by inoar del skowende [[Tektonyk|tektoanyske platen]] (de Great Glenbreukline). Teffens ûntstiene sa ferskate [[Mar|marren]] (''[[loch]]s''), sa as it ferneamde [[Loch Ness]].