Hermann Hesse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 32:
Hesse kearde him yn it geskrift ''"O Freunde, nicht diese Töne"'' (1914) tsjin it útbrekken fan de [[Earste Wrâldoarloch]], mar melde him wol as frijwilliger. Om reden fan syn minne eagen waard er foar ôfkard foar militêre tsjinst en yn [[Bazel]] oansteld op it buru foar de ''Kriegsgefangenenfürsorge''. Oant de ein fan WO I makke er tûzenen pakketten mei boeken en stjoerde dy nei Dútske kriichsfinzenen.
 
Yn 1924 waard er op 'en nij [[Switserlân|Switsersk]] staatsboarger en festige him yn [[Montagnola]], [[Ticino (kanton)|Ticino]], oan de [[Mar fan Lugano]]. Al fan 1923 ôf oan warskôge er foar it gefaar fan it opkommend [[nasjonaalsosjalisme|nazisme]] en [[faksisme]]. Fan 1932 ôf wie syn wente in plak om te rêsten en in trochgongshûs foar talleaze, troch it nazyrezjym ferfolge skriuwers. [[Thomas Mann]] en [[Bertolt Brecht]] wiene de earsten fan in lange rige dy't by him thús opfongen en fierder holpen waarden.
 
== Prizen ==