Diederik Samsom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 12:
By de Twadde Keamerferkiezingen 2003 krige hy lykwols in heech plak op de kandidatelist fan de PvdA en waard hy wol keazen yn it parlemint. Hy is wurdfierder miljeubelied en hâldt him fierder dwaande mei enerzjybelied en ûntwikkelingsgearwurking.
 
Diederik Samsom hearde yn [[2004]] ta de minderheid fan syn fraksje dy't tsjin ferlinging fan de Nederlânske oanwêzichheid yn [[Irak]] wie. Hy wurdt beskôge as lid fan de linkerfleugel fan de PvdA-fraksje. By de [[Twadde Keamerferkiezingen 2006]] waard hy op 'en nij keazen. Ein 2007 makke hy him yn de Twadde Keamer om 'e nocht sterk foar fergees triedleas ynternet yn [[Yntercity|yntercitytreinen]] om de trein oantrekliker te meistjen foar automobilisten. Neist it Keamerlidmaatskip is Samsom lid fan it Kommitee foar Oanrikkenmendaasje fan it [[Nederlânsk Sosjaal Foarum]].
 
Op snein [[20 april]] [[2008]] makke Samsom bekend him kandidaat te stellen foar it fraksjefoarsitterskip fan de PvdA, nei it ôftreden fan [[Jacques Tichelaar]]. Hy nom it op tsjin [[Mariëtte Hamer]] mar ferlear de stimming yn de fraksje op [[22 april]].