G.A. van Oorschot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 28:
Nei it heljen fan syn [[HBS]]-diploma wie er in skoft havenarbeider yn [[Rotterdam]]. Yn dy tiid waard er polityk radikaler en skreau er revolúsjonêr kleure gedichten. Hy [[debút|debutearre]] as [[dichter]] ûnder eigen namme yn [[Links Richten]] mei sosjalistyske ferzen. Syn poëzy waard bondele yn ''De turfgravers'' (1930) en ''Gevangenis'' (1932). Meidat er tsjinst wegere moast er in skoft sitte yn de straffinzenis fan Skeveningen, dêr't er ta de konlúzje kaam dat er gjin goede dichter wie. Begjin jierren tritich sette er út ein mei in [[kolportaazje]][[boekhannel]] om skriuwers en dichters dy't neffens him wól de muoite wurdich wiene te ferkeapjen.
 
Yn 1932 boaske er oan Jantina Smit, mei wa't er twa soannen krige: Geert (1933-2005) en Levien (1937). Rillegau waard er fertsjintwurdiger fan útjouwer [[Sander Stols|A.A.M. Stols]], by wa't er ek de begjinselen fan it útjouwersfak learde. Yn 1939 gie er oer nei útjouwer [[Emanuel Querido]]. Doe't dy nei de Dútske ynfal twongen waard út syn bedriuw te gean, beneamde er Van Oorschot ta direkteur. Dat bleau er oant it bedriuw fanwege de besetter yn 1941 likwidearre wurde moast. Yn 1943 gie er by syn earste frou wei en troude er op 'en nij mei Hillie Munneke (Onstwedde 13 july 1920 - Baambrugge 28 augustus 1979), mei wa't er ek twa soannen krige: Guido (1944-1963)<ref>Yn 1963 die Guido himsels te koart. De ynfloed dy't dat op de húshâlding hie, waard troch syn broer Wouter beskreaun yn ''Verkleed als mens'' (2004).</ref> en Wouter (1952). Koart nei de befrijing giene sy yn in hierpân oan de [[Amsterdam]]ske Herengracht en waard Van Oorschot selsstannich útjouwer.
 
== Utjouwer ==