Lûanda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 29:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:LuandaJuin2005-1-br.jpg|thumb|250px|left|Lûanda yn 2005]]
Lûanda waard yn [[1575]] stifte troch de Portugeeske [[ûntdekkingsreizger]] [[Paulo Dias de Novais]] as ''São Paulo de Lûanda''. Yn [[1618]] waard de festing Fortaleza Sao Pedro da Barra boud en yn [[1634]] waard de festing Fortaleza de Sao Miguel foltôge. De stêd hat sûnt [[1627]] it bestjoerlik sintrum fan Angoala west, útsein de perioade [[1640]] oant [[1648]]. Yn 1640 waard Lûanda ferovere troch in float fan de Nederlânske [[Westyndyske Kompanjy]], laat troch [[Cornelis Jol]]. De delsetting hjitte doe [[Fort Aardenburg]]. Dat fort wie doe part fan de Nederlânske [[Loango-Angoala kust]]. Yn 1648 feroveren de Portugezen it gebiet op 'en nij.
 
Fan likernôch 1550 oantt 1850 wie Lûanda in sintrum fan [[slavehannel]] nei [[Brazylje]], ek in Portugeeske koloanje. Yn de [[17e iuw]] waarden de slaven foar de Lûandamerk oanlevere troch de Imbangala en har rivalen de Mbundu. Yn de 50er jierren fan dy iuw waarden jierliks tusken de 5000 oant 10.000 slaven ferkocht. Om 1850 hinne wie Lûanda ien fan de grutste en bêst ûntwikkele Portugeeske stêden bûten Portugal sels; dêr sieten is soan hannelsûndernimmingen, dy't produkten sa as palm- en pindaoalje, was, kopal, hout, ivoar, katoen, kofje, kakao en noch in protte oare saken ekspotearren. Teffens begûn doe de pleatslike produksje fan mais, drûge fleis, tabak en kassavemoal op gong te kommen.