Lady Gaga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st; fl
L st
Rigel 8:
 
== Styl en uterlik ==
Lady Gaga sjocht harsels as in libben keunstwurk. Har artistike wize fan klaaien is neffens har in earebetoan oan keunstner [[Andy Warhol]]. Troch har útwrydske look wurdt sy wolris fergelike mei ''[[new wave]]-acts'' út de jierren '80. De styl fan Lady Gaga wurdt faak as in op 'en nij oplibjen fan de [[elektropop]]-muzyk út de jierren '90 sjoen. Yn febrewaris 2010 waard se by de ''Shockwaves NME Awards'' sawol as bêst klaaide en as minst klaaide artyst keazen.<ref>[http://www.nu.nl/achterklap/2193090/lady-gaga-best-en-slechtst-gekleed.html ''Lady Gaga best en slechtst gekleed''].</ref>
 
Neist ynteresse foar avant-garde en elektroanyske dancemuzyk wurdt Gaga beynfloede troch [[glamrock]] en hat se in ''pop-sound'' mei ynfloeden fan [[Marc Bolan]], [[David Bowie]] en de rockgroep [[Queen]]. "Marc Bolan en David Bowie hawwe tige wichtich foar my west, foar't ik harren ûntduts wie ik der skjin mei oanhelle."