Filosemitisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
 
Rigel 4:
Filosemitisme is net in nij ferskysel. De [[19e iuw]]ske filosoof [[Friedrich Nietzsche]] neamde himsels in "anti-anti-Semyt". It filosemitisme makket wer opgong, wat ûnder mear bliken docht út in tanimmende niget oan joadske kultuer en skiednis oan universiteiten by net-joadske studinten.
 
Filosemitisme wurdt yn de joadske mienskip ferskillend ûntfongen. Guon binne der bliid mei en sjogge der oanlieding yn foar joaden om harren yndintiteit en skiednis op 'en nij te besjen.<ref>http://www.forward.com The Forward(Editorial, 10 novimber 2000)</ref> Oaren binne benaud dat it om ferhoalen bekearing ta it Kristendom giet.
 
Filosemitisme is in utering fan it breder fenomeen [[Allofily]], bewûndering foar frjemde kultueren. [[Anglofily]] en [[Frankofily]] binne der foarbylden fan. [[Daniel Goldhagen]] fan de [[Harvard University]], skriuwer fan it kontroverzjele boek ''[[Hitler's Willing Executioners]]'', redenearret dat filosemiten faak antisemiten yn it ferhoalene binne dy't it oer joaden hawwe wolle; yn in tiid dat iepenlik antsemitisme net mear akseptearre wurdt oerdriuwe hja krekt de positive kanten fan it joadendom. [[Norman Finkelstein]] is it mei him iens.