Boneskâns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Universele ynfoboks stêd | namme = Boneskâns | ôfbylding = | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = | wape..."
 
L [[]]
Rigel 29:
De buorskip leit op in plak dêr't mooglik yn [[1589]] yn opdracht fan de Fryske kommittearre Alfred Evert Boner (Bonen) de Boneskâns boud waard ta it ferdigenjen fan it gebiet yn de [[Tachtichjierrige Kriich]]. Wêr't de namme weikomt is net wis. Dy soe ferwize kinne nei opdrachtjouwer Boner, mar meastentiids waarden skânsen nei plaknammen neamd en soe dus ek ferwize kinne nei it tichteby lizzende [[East-Fryslân|Eastfryske]] doarp [[Bunde (Dútslân)|Bunde]] (doetiids ek wol ''Boen'' neamd).
 
De Boneskâns wie in dyk[[skâns]], dy't op de [[Hamdyk]] lei. Dy dyk wie de earste dyk dy't yn [[1545]] oanlein waard by de [[Doalert]]boezem del en dy't yn [[Dútslân]] ''Altendeich'' (Aldedyk) neamd wurdt. De skâns leit op it plak dêr't de [[Lethe]] troch in [[syl]] yn de Doalert rûn. It is ûndúdlik hoe't de skâns der útseach. De Boneskâns hie oarspronklik in foarm fan in [[redûte]] (fjildskâns). Nei't de kustline fan de Doalert nei it noarden ferskode troch it yndykjen fan it [[Bunderneuland]] (Bundernijlân) yn [[1605]] en yn [[1628]] op de Lange Ikkers benoarden de Boneskâns de Lange-ikkerskâns of [[Nijeskâns]] oanlein waard, naam dy de ferdigening oan de see oer fan Boneskâns. Yn 1628 wiene der lykwols plannen en meitsje fan de skâns in [[fêsting]], mar dy waarden dochs nea wiermakke. De skâns krige wol in ekstra bastion. By de [[Munsterske Kriich]] yn [[1672]] waard de skâns ferlitten, mar waard in jier letter wer werom oermastere. Yn de [[santjinde iuw]] bruts de Hamdyk mooglik op ferskate plakken troch, dêr't der [[wiel]]en troch ûntstiene benefter de dyk. By ien fan dy trochbraken ûntstie der in wiel dêr't in part fan de súdlike bastion fuortspielde.
 
Yn de [[achttjinde iuw]] waard de Boneskâns as "batterij Boneskâns" part fan de Earste Liny fan de Iems, mar it wie doe al gjin skâns mear. Yn [[1851]] waard dy liny ek opheft en ferfearen de militêren út Boneskâns wei. Der bleane in stikmannich huzen en [[pleats]]en oer en de wiel. De wiel waard stadichoan lytser en ferdwûn yn de iere [[tweintichste iuw]] folslein fan de kaart.