Joke Tjalsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st; fl; plaatsje
Rigel 1:
{{Akteur
| ôfbylding                   = File:Joke Tjalsma.jpg
| ôfbyldingstekst = Joke Tjalsma (2018)
| ôfbyldingsbreedte =
| echte namme =
| nasjonaliteit = {{Flagge_NL}} [[Nederlân]]sk
| berne = [[1 juny]] [[1957]]
| berteplak = [[Nijlân]]
| stoarn =
| stjerplak =
| regionale identiteit = {{Flagge_FY}} [[Westerlauwerske Friezen|Frysk]]
| etnisiteit =
| jierren aktyf = 1984-no
| prizen                       =
| webside                     = {{en}} [https://www.imdb.com/name/nm0864653/ IMDb-profyprofyl]
}}
'''Joke Tjalsma''' ([[Nijlân]], [[1 juny]] [[1957]]) is in Nederlânsk [[aktrise]] fan Frysk komôf út Amsterdam dy't op [[toaniel]] en [[telefyzje]] te sjen is. Groeide op oan de Willem Loadewykstrjitte yn [[Snits (stêd)|Snits]] en folge nei de Detailhannelskoalle yn Snits de Hafû. Sy studearre ôf yn [[1983]] oan de [[Toanielskoalle]] [[Maastricht]].
 
Spile rollen by ferskate teaterselskippen en hat sy ek eigen teaterfoarstellings makke. Dit die sy yn 'e mande mei [[Tom de Ket]] en [[Dirk Groenveld]] ûnder de namme 'Balieproduksjes'. Wurke fierders by selskippen as Carver, it Zuidelijk Toneel, Hollandia, Oostpool, it Onafhankelijk Toneel en it Noard Nederlânsk Toaniel. Ek wiene der gearwurking mei ûnder oare [[Suver Nuver]], Alex d'Electric en mei [[Freek de Jonge]] yn 'Kerst van een Clown'en 'Kortgehouden'.
 
Sy wie ek te sjen yn films sa as ''[[De Dream]]'' en ''[[Nynke]]'' en hja hie rollen yn telefyzjesearjes, û.o. ''[[Hertenkamp (telefyzje)|Hertenkamp]]'', ''[[De Daltons (telefyzje)|De Daltons]]'' en it mei in [[Zilveren Nipkowschijf|Nipkow-skiif]] bekroande '30 minuten'. Ein 2006 is hja fannijs te sjen yn in film: ''Wild Romance'', oer it libben fan [[Herman Brood]]. Hja spilet de rol fan Herman syn mem. De film komt nei't ferwachte wurdt op 5 novimber 2009 út.