William B. Eerdmans: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "Drewes" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
Lebel: Weromdraaiïng
L st
 
Rigel 2:
 
Wiltje Eerdmans wie in soan fan Dirkje Pars en tekstylfabrikant Bernardus Dirk Eerdmans. Yn 1902 [[emigrearre]] er nei de [[Feriene Steaten]] en festige er him yn [[Grand Rapids]], [[Michigan]], in sintrum fan 19e-iuwske Nederlânske [[Ymmigraasje|ymmigranten]] en [[Kalvinisme]]. Hy studearre noch in skoft oan it Calvin Theological Seminary, mar waard dochs gjin dûmny.<br>
Yn 1911 rjochte Eerdmans yn 'e mande mei Brant Sevensma de boekhannel Eerdmans-Sevensma op, dy't spesjalisearre wie yn teologyske hânboeken. Yn 1915 gie Sevensma fuort en bleau Eerdmans as iennichste eigener oer fan it ta William B. Eerdmans Publishing Company omneamde bedriuw. Sa'n 20 jier wie Eerdmans it iennige bedriuw dat de merk foar religieuze boeken mei in kalvinistyske oriïntaasje betsjinne.
 
Eerdmans joech boeken út fan skriuwers lykas [[C.S. Lewis]], [[Karl Barth]], [[Richard J. Neuhaus]], [[Nicholas Wolterstorff]], [[Richard Mouw]], [[Martin Marty]], [[Rowan Williams]], [[Joan Chittister]], [[Dorothy Day]], [[Mark Noll]] en in protte oaren ek.