Ferskil tusken ferzjes fan "Harry Mulisch"

L
st
(kt)
L (st)
 
Mulisch, soan fan in [[Eastenryk-Hongarije|Eastenryksk-Hongaarske]] heit dy't [[kollaboraasje|kollaborearre]] yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] en in Dútsk-[[Joaden|Joadske]] mem, waard grutbrocht yn dy oarloch, dy't tige ynfloed op him en syn skriuwerij hân hat. Yn [[1947]] ferskynde syn earste ferhaal (''[[De kamer]]''), yn [[1952]] folge syn earste [[roman]]: ''[[archibald strohalm]]''. In soad boeken folgen, lykas ''[[Het stenen bruidsbed]]'' ([[1959]]), ''[[Twee vrouwen]]'' ([[1975]]), ''[[De aanslag (roman)|De aanslag]]'' (1982) en ''[[De ontdekking van de hemel]]'' ([[1992]]). Syn lêste roman wie ''[[Siegfried (roman)|Siegfried]]'', ferskynd yn 2001. 'Magysk-mytysk' is in protte brûkte oantsjutting fan in grut part fan Mulich syn oeuvre.
 
Mulisch syn hâlden en dragen waard faak omskreaun as arrogant, dat, en syn stipe oan it [[Kuba (lân)|Kuba]] fan [[Fidel Castro]] kaam him op krtyk fan guonts te stean. Hy jildt as ien fan de wichtichste nei-oarlochske [[Nederlânske literatuer|Nederlânske skriuwers]] en wurdt ta "[[De Grutte Trije]]" fan de Nederlânske literatuer fan nei de oarloch rekkene, wêr't ek [[Willem Frederik Hermans]] en [[Gerard Reve]] by hearre. Mulisch wûn in grut tal literêre prizen, lykas de [[Priis fan de Nederlânske Letteren]] en de [[P.C. Hooft-priis]], beide foar syn hiele oeuvre. ''De ontdekking van de hemel'' waard 2007 útroppen ta it bêste Nederlânskstalige boek fan alle tiden. Yn oktober [[2010]] stoar de auteur yn 'e âldens fan 83 jier oan [[kanker]].
 
== Wichtige skriuwersprestaasjes ==
11.717

bewurkings