Chuck Deely: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kous
L st; fl
 
Rigel 21:
 
== Biografy ==
Yn 1973 kaam Deely yn tsjinst fan it [[Amerikaanske leger]] en bedarre sa op in legerbasis yn [[Dútslân]]. Dêr spile er in ferskate bands en kaam er yn 'e kunde mei syn earste frou mei wa't er yn [[Kopenhagen]] troude. It houlik duorre fiif jier. Deely moete letter in Nederlânske frou doe't er yn [[Spanje]] mei fakânsje wie en dêr ek optrede oan de Costa del Sol; sy krigen in ferhâlding en wennen byinoar. Chuck krige lykwols swierricheden mei syn fisum en ferfear nei Nederlân. Syn freondinne soe oerkomme, mar dat barde nea.
 
Sûnt [[1996]] spile er yn it sintrum fan De Haach, sân dagen yn 'e wike. Meastal wie er te finen yn de Vlamingstrjitte, op it Sintraal Stasjon (moarns ier), of siet er tsjin de muorre fan de [[Albert Heijn (supermerk)|Albert Heijn]] yn de Grote Marktstraat. Simmerdeis gie er ek de terrassen by del.
 
Yn [[2005]] makke it [[NCRV]]-programma ''[[Man Bijt Hond]]'' in twadielich portret fan Chuck Deely en yn 2009 wûn Chuck Deely de [[Haachske Poppriis]].
Rigel 33:
Chuck Deely spile op [[gitaar]] en hie in rauwe, roastige stim, dy't jin tinken die oan it lûd fan [[Bob Dylan]] en [[Neil Young]]. Hy wiksele ''covers'' fan ûnder oaren de [[The Rolling Stones]] en [[Crosby, Stills, Nash & Young]] ôf mei eigen wurk.
 
Chuck Deely stoar yn de âldens fan 62 jier yn it Haachske sikehûs HMC Westeinde oan in [[Longûntstekking|longûnstekking]]. Yn oerlis mei in broer fan Deely yn de [[Feriene Steaten]] waard er [[Kremaasje|kremearre]] en waard de jiske byset yn it grêf fan Deely's âlden en broer op it Holy Sepulchre Cemetery yn [[Southfield (Michigan)|Southfield]], [[Michigan]]. In pear hûndert Hagenezen namen ôfskied fan Deely yn it poppoadium Paard van TroyeTroje yn De Haach.<ref>http://www.omroepwest.nl/nieuws/3327495/Eerbetoon-Chuck-Deely-maandagavond-live-bij-Omroep-West ''Eerbetoon Chuck Deely maandagavond live bij Omroep West'', 12 jannewaris 2017]</ref>
 
== Keppeling om utens ==