Dyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L st
 
Rigel 11:
 
== Wierdyk ==
Oan de súdlike ouwer fan it eartiidske eilân [[Wieringen]], dat skol ôfrint, waard yn de [[Midsiuwen]] in seewarring oanlein fan in dûbele rige peallen, dy't oanienslutend fertikaal yn de grûn setten waarden. Yn de tuskenromte fan likernôch 2 meter waard [[seegers]] propke en ôfdekt mei sân. Dat seegers waard, ticht yn 'e buert, yn de [[Waadsee]] ôfmeand. It die bliken dat it net fergiet of ferrottet. Sa'n dyk bliek bûtengewoan stoarmfêst meidat it seegers ek in fearjende eigenskip hat. Dêrom waard it seegers oant yn it begjin fan de 20e iuw ek in soad brûkt as bêde- en kessenfolling. Soksoarte dyk wurdt in wierdyk neamd, der -by fersin- fan útgeande dat it seegers ta de seewieren hearde.
 
De wierdyk funksjonearre lange tiid goed, oant yn de 18e iuw de [[pealwjirm]] tasloech, dy't de houten balken opfriet en dêrmei it skelet fan de dyk ferneatige. Doe waard besluten de bûtenside fan de dyk te ferstevigjen mei opsteapele [[basalt]]blokken, dy't út [[Noarwegen]] oanfierd waarden.
 
Earst folle letter, krige men der aan fan dat in dyk mei in grutte deldracht oan de seekant better bestand wie tjin it bûtsen fan de weagen. Doe waarden de basaltblokken skol tsjin 'e dyk oanlein.
 
De wierdyk oan de súdkant fan Wieringen waard de ôfrûne jierren foar in part rekonstruearre, wêrby't de trije fazes fan de ûntwikkeling fan de dyk edukatyf tentoansteld binne. It seegers dat foar de rekonstrukje nedich wie, groeit net meaer yn de Waadsee en moast ymportearre wurde fan de Dútske Eastseekust.