Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Haadside: wer 2 st
update, it is de lêste twa, trije dagen wer hielendal mis
Rigel 167:
::Alle WMF-projekten kinne yn essinsje allinnich bestean by de graasje fan twa dingen: de tiid dy't troch al dy frijwilligers fergees yn de ynhâld derfan stutsen wurdt, en it jild dat nedich is om de domeinnammen, de servers en de ynternetferbiningen yn 'e loft te hâlden. De WMF waard yn 2003 oprjochte en ferantwurdlik makke foar dy technyske saken en foaral foar it ynheljen fan donateursjild. Har rol wie stypjend bedoeld. Yn 2007, doe't ik mei in meidoggersnamme mei dizze noch altyd boeiende leafhawwerij oan 'e gong gie, wie de WMF noch mar in lytse klup: der waarden noch gjin 10 fte oan minsken foar harren wurk betelle, de rest wie frijwilliger ([https://web.archive.org/web/20070629041021/http://wikimediafoundation.org/wiki/Current_staff kepp]). Dat is al oars wurden: yn 2018 wurken der by de WMF al mear as 300 minsken ([https://web.archive.org/web/20180812083156/https://wikimediafoundation.org/role/staff-contractors/ kepp]) en hjoed-de-dei sels mear as 350 ([https://wikimediafoundation.org/role/staff-contractors/ kepp], [https://archive.vn/hPXye arg]).
 
::Wat it jild dat yn de WMF omgiet oanbelanget: der binne sifers oer de fiskale jierren 2004 o/m 2018 ([[:en:v:Statistical_analysis_of_Wikimedia_Foundation_financial_reports#Spreadsheets_and_graphs|kepp]]). Dêryn fine jin bygelyks, dat yn 2007 oan ''salaries and wages'' $415.006 útjûn waard (20% fan $2.077.840, de útjeften fan dat jier) en yn 2018 $38.597.407 (leafst 47,4% fan $81.442.265). Mar: de útjeften foar ''internet hosting'' giene yn deselde perioade fan $389.417 (18,7%) nei $2,342,130 (noch mar 2,9%). Ek al omdat de WMF-projekten yn dy tiid folle grutter wurden binne ([https://w.wiki/Vj5 2007], [https://w.wiki/Vj7 2018], sjoch foar inkeld wikipedyen ek [https://w.wiki/Vtk hjir]), fernuveret it dan net dat Wikipedia by riten troch de poatsjes sakket ([https://archive.is/cPA4o fb], [https://archive.is/0bSZR fb]) of in hege ''replag'' hat ([https://archive.isvn/9McnMreplag.toolforge.org fb]; de ''replication lag'' seit wat oer de faasje wêrmei't wizigingen yn de databases ferwurke wurde: wat flugger, wat better; is de ''replag'' heech, dan moatte jin bgl. langer wachtsje foar't resinte bewurkingen yn de sykmasines opdûke). Jin tinke dan: dêr mei noch wol wat jild by, ''wikipedia.org'' heart ommers ta de bêst besjoene domeinnammen yn 'e wrâld ([https://archive.vn/M84rb kepp]) en soe mei sa'n slompe dollars yn 'e bûse domwei nea ''down'' wêze meie.
 
::Mar, yndied, in organisaasje kin yn sa'n tiid nea sa grut en ryk wurde sûnder dat burokrasy de kop opstekt - en sa't we witte: dy wol harsels yn stân hâlde, ûnbewust, sûnder kweade wil en nei alle gedachten sels wol goederbêstens, se is gjin selsstannich tinkend organisme, mar dochs. Sa'n klup, dêr't in laach fan bûten yn tsjinst nommen managers en kommunikaasje-spesjalisten hieltyd mear te sizzen kriget allinnich al omdat dy geandewei grutter wurdt, betinkt dus putsjes en dan komme projekten op 'e lappen as in diskusje oer de [[:m:Strategy/Wikimedia movement/2017/Direction|strategy direction]], [[:m:Strategy/Wikimedia_movement/2018-20/Recommendations|strategy recommendations]] en dus ek dat [[:m:Communications/Wikimedia brands/2030_movement_brand_project|rebranding project]]. It moat fansels allegear yn it Ingelsk, mar de taal dy't brûkt wurdt, wurdt stadichoan diziger en dêrop wize helpt gjin sprút ([[:m:Talk:Movement_Learning_and_Leadership_Development_Project#Defining_"leadership"|fb]]). De ôfstân tusken de frijwillige ''workers on the plantation'' en de WMF-bestjoers''bubble'' wurdt, fansels sûnder opsetsin mar ûnûntkomber, grutter en grutter.