Konstantius II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 8:
 
=== Allinne hearskippij ===
Yn [[340]] stoar Konstantyn II, de âldste fan de trije bruorrren, hy kaam om it libben by in fjildslach tsjin syn jongste broer Konstans. Yn [[350]] waard ek Konstans deade, troch in opstân fan de [[usurpator]] [[Magnentius]]. Hjirtroch waard Konstantius yn theory de keizer fan it hiele ryk. Mar dêrfoar moast hy earst Magnentsius út de wei romje. Konstantius beneamde dêrta syn neef [[Gallus|Flavius Claudius Konstantius]], in broer fan [[Julianus Apostata]], ta Caesar sadat dizze it easten yn 'e gaten hâlde koe, wylst hy sels nei Itaalje gie. Konstantius fierde twa fjildslaggen tsjin Magnentsius, by [[slach by Mursa|Mursa]] yn [[351]], dy't net útmakke einige, en by [[slach by Mons Seleucus|Mons Seleucus]] yn [[353]], wêr't hy der wol yn slagge om't Magnentsius foargoed te ferslaan. In jier letter liet Konstantsius Gallus deadzje, omdat hy him te opstannich fûn.
 
=== Striid tsjin de Perzen ===