Willem Paap: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 7:
Paap spile ek in rol by de oprjochting fan ''De Nieuwe Gids'', it tydskrift fan de [[Tachtigers]], in groep skriuwers en dichters dy't de literatuer fernije woe. Nei in jier gie er út de redaksje. Lykwols waard er sels net as Tachtiger beskôge. Hans van Straten neamt him sels in "Anti-Tachtiger".<ref name=straten>van Straten, Hans - ''Toen bliezen de poortwachters; proza en poëzie van 1880 tot 1920''. Salamander 304, Amsterdam; Querido, 1972, s. 56</ref>
 
Yn 1887 studearre er ôf en waard er advokaat yn Amsterdam. Hy hie yn dy tiid sterke sosjalistyske sympatyen en ferdige sosjalisten dy't ferfolge waarden. Nei it ferstjerren fan Douwes Dekkers kaam dy syn widdo [[Maria Hamminck Schepel|Mimi Hamminck Schepel]] by Paap yn 'e hûs te wenjen. Hy holp har mei it útjaan fan de ''Brieven'' (10 dielen) fan Multatuli.
 
Paap wenne in stikmannich jierren yn [[Berlyn]], gie werom nei Amsterdam en hâlde syn lêste jierren fanwege syn sûnens ta yn Zeist.