Sixtinus Amama: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 3:
 
== Libbensrin ==
Sixtinus syn heit Johannes ab Amama wie meardere kearen boargemaster fan Frjentsjer. Hy styudearre sûnt 1610 Easterske talen by [[Johannes van den Driesche|Johannes Drusius]] oan de [[Universiteit fan Frjentsjer|universiteit]] yn syn bertestêd. Hy wenne by Drusius yn 'e hûs en waard troch him oplaat om syn opfolger te wurden. Yn 1614 studearree hy [[Arabysk]] yn [[Universiteit Leien|Leien]] en sûnt 1615 folge hy kolleezjes yn [[Oxford]]. In jier letter moast hy werom nei Frjentsjer om de ferstoarne Drusius op te folgjen as heechlearaar Easterske talen. Hy waard earst beneamd as bûtengewoan heechlearaar en yn 1618 as gewoan heechlearaar. As learling fan Drusius waard ek hy fertocht fan ûnrjochtsinnichheid mar hy koe de fertinking weinimme. Wol joech hy noch in oantal teksten fan syn learmaster út.
 
As heechlearaar rekke Amama belutsen by de konflikten tusken de [[teology|theologen]] [[Johannes Maccovius]] en [[Sibrandus Lubbertus]]. Hy keas hjiryn de side fan de lêste, waans lykrede hy ek hâlde yn 1625. Mei de oare heechleararen teology, de [[puritein]] [[Guilielmus Amesius]] en de op syn eigen advys beneamde [[Meinardus Schotanus]], hâlde hy foar Maccovius oer, op wa't hy yn 1614 noch in Latynsk lofdicht skreaun hie, fêst oan in strang tafersjoch op de studinten. Dit past by sun sympaty foar it wurk fan [[Willem Teellinck]], ien fan de grûnlizzers fan de beweging fan de [[Neiere Reformaasje]]. Yn 1626 waard Amama beneamd ta bibletekaris, neidat hy in beneaming ta heechlearaar oan de Leienske universiteit ôfslein hie. Dit betsjutte in gâns heger traktemint. Dochs liet Amama, dy't al langer net rjocht halich wie, by syn ferstjerren yn 1629 syn húshâlding yn relative earmoede efter.