Willem Barents: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
Rigel 5:
 
== Biografy ==
Oer it libben fan Barents foar it begjin fan de ekspedysjes is net folle fan bekend. Hy wie keapman en wittenskipper en makke in atlas fan de [[Midslânske See]]. Yn [[1594]] krige hy de lieding oer de earste ekspedysje om de noardeastlike trochfeart nei Aazje en it Fiere Easten te finen. Mei twa skippen folge Barents de kust fan [[Nova Sembla]] yn 'e hope om de eilannen hinne farre te kinnen, mar hy waard troch it iis opkeard. In twadde skip dat [[Cornelis Nay]] as kaptein hie, hie mear súkses. Dy wist fia de [[Strjitte fan Waygats]] yn de [[Karasee]] te kommen. [[Jan Huygen van Linschoten]], dy't op de reis oanwêzich wie hat in ferslach makke yn syn ''Voyagie, ofte schip-vaert van by Noorden om langes''.
 
It súkses fan Nay late ta in twadde, gruttere ekspedysje yn [[1595]], diskear ûnder lieding fan Barents en [[Jacob van Heemskerk]], dêr't ek Nay en [[Jan Huygen van Linschoten]] wer oan mei dienen. Troch it iis slagge it de ekspedysje net om de Karasee te berikken. Wol waard hannel dreaun ticht by de mûning fan de [[Petsjora (rivier)|Petsjora]] mei de lokale [[Nenetsen]] (doe ''Samojeden'' neamd).