Jakobus Arminius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 4:
== Libben en wurk ==
=== Studint en predikant ===
Doe't Japik berne waard, wie syn heit, dy't wapensmid wie, al ferstoarn. Jacobus Arminius waard grutbrocht troch [[Theodorus Aemilius]], in pryster mei [[protestant]]ske sympatyen. Om [[1572]] hinne (it jier dat Oudewater ferôvere waard troch de opstannelingen) ferhuze Arminius mei Aemilius nei [[Utert (stêd)|Utert]]. It hat alle wierskyn dat Arminius dêr oan de "Hieronymusschool" studearre. Neidat Aemilius yn [[1574]] of [[1575]] stoar, kaam Arminius yn 'e kunde mei de [[wiskunde|wiskundige]] [[Rudolph Snell|Rudolphus Snellius]], dy't ek fan Oudewater kaam. Snellius liet Arminius studearje yn [[Marburch]] dêr't Snellius heechlearaar wie. Yn [[1576]] liet Arminius him ynskriuwe as studint [[Sân frije keunsten|frije keunsten]] en [[teology]] oan de (krekt oprjochte) [[Universiteit fan Leien]]. Yn syn stúdzje rûn er der sa út, dat er fan it kramers[[gilde]] fan [[Amsterdam]] in beurs krige om fierder te learen yn [[Genêve]]. Arminius studearre dêr ûnder de opfolger fan [[Jehannes Kalvyn]], [[Theodorus Beza]]. Nei syn stúdzje yn Genêve (mei in pear semesters yn Basel), reizge er yn [[1586]] nei [[Itaalje]]. Yn [[1587]] waard er beroppen as predikant yn Amsterdam.
 
Yn [[1588]] waard Arminius befêstige as predikant fan de "Oude Kerk". Yn Amsterdam troude Arminius yn [[1590]] mei Lijsbet Reael (1569-1648). Fan [[1591]] ôf waard Arminius oanfallen troch syn kollega-predikant [[Petrus Plancius]], út reen fan Arminius' frije útlis fan de [[predestinaasje]] (godlike útferkiezing). Yn [[1593]] waard huarren skeel delbêde.