Jugendstil: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 17:
De weachjende linen wiene in middel om emoasjes stal te jaan. Dizze foarmen wurde fûn by de boekdrukkeunst en by dekorative foarmen fan bygelyks trepsleuningen, balkons en gevels. Izer wie nammentlik gaadlik materiaal om ferwurke te wurden yn sierlike bûgde foarmen. Dat de styl yn sa'n protte keunstfoarmen tapast waard, kaam omdat it wenstich wie dat in arsjitekt ek meubels, sulver, glêswurk, wandfersieringen en affysjes ûntwurp (''[[gesamtkunstwerk]]''). De jugendstilkenmerken kamen it meast ta utering yn de grafyske keunst, dêr't de line it wichtichste elemint is. De yllustraasjes en de letters waarden yn it gehiel ûntwurpen. Sa ûntstie in kombinaasje fan byld en tekst.
 
Jugendstilprodukten hawwe ek faak Japanske kenmerken sa as lege rûmten en de waaierfoarm. Dat keunstners mei de Japanske keunst yn 'e kunde kamen, dy't nei 1854 op de Jeropeeske- en Amerikaanske merk ferskynde, kaam ûnder oaren troch de gesachhawwende keunsthanneler [[Siegfried Bing]]. Bing spesjalisearre him yn dizze keunst en hie dêr in protte fan yn syn Paryske galery ''L’Art Nouveau'', dêr't de streaming har Frânske namme fan oernaam.
 
De letters waarden yn de jugendstilperioade sa min mooglik assosjearre mei de boekdrukkeunst en de meganyske produksje. Ien tekst koe mear as ien letterhichte hawwe trochdat inkele of mear letters fergrutte of ferlytse waarden.