Jan Herder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 3:
 
== Biografy ==
Herder giet oan syn fjirtjinde jier nei skoalle. Jild om troch te learen is der net, hoewol't haadmaster dat wol woe. Hy giet yn 'e lear by ferskate timmerlju. Mei syn broer begjint hy yn 1911 in timmerbedriuwke yn [[Haulerwyk]], mei troch it jild fan syn frou. Twa jier letter begjint er foar himsels en slút him oan by it Timmerlju- en Patroansbûn. Yn [[1918]] ferkeapet hy de saak en wurdt boer mei in mingd bedriuw. De saken gean aardich goed en yn [[1926]] kin hy in nije [[pleats]] bouwe.
De wrâldekonomy spilet him lykwols parten: de prizen foar lânbouprodukten bliuwe mar sakjen. Soks joech ûnrêst ûnder de lytse boeren yn de súdeasthoeke fan Fryslân. Se witte har net adekwaat fertsjintwurdige troch de besteande lânbou-organisaasjes en komme dêrom ûnôfhinklik dêrfan by inoar. Herder slút him oan en komt hieltyd mear op de foargrûn. Hy kin goed sprekke, en docht dat op hieltiten drokkere gearkomsten en by twongen iepenbiere ferkeapingen. Sosjale druk en ûnderlinge solidariteit ferhindert soms dat keapkesjagers al te maklik har slach slaan kinne. Yn [[1932]], it is dan folop krisis, ûntkomt ek Herder net oan in fallissemint.