Seine (ark): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 15:
* [[Gêrs]] wurdt leafst yn de moarntiid meand, omdat it middeis stiif wurdt.
* Der bestiet in ferskaat oan meanblêden, fan ± 30 cm foar presys meanen, -bygelyks yn in hôving- oant mear as 60sm foar gruttere stikken lân. Ek bestean der grutte blêden om tinne tûkjes mei te meanen.
* De seine mei metalen stâle en stielen 'mes' is lichaamlik folle swierder as de lichtere houten seinestâlen dy't yn East-Jeropa te keap wienen, en dy't sels wol op maat makke waarden, dêr't in hierskerp sêftmetalen mes by brûkt wurdt. By de goeie technyk wurdt der amper krêft brûkt, en wurdt de rêch rjocht holden. It mes wurdt yn in floeiende swaai leech oer de grûn beweegt, wêrnei in stap foarút dien wurdt en de beweging wjerhelle wurdt. Ek âldere froulju dy't dizze technyk yn 'e macht hawwe kinne dit in dei folhâlde.
* Yn de leginde fan de [[Wite Wiven]] spilet it smiten fan in harspit in wichtige rol.
* Alle jierren wurdt der yn de feestwike yn [[Surhuzum]] it wrâldkampioenskip seineharjen holden. Yn 2004 foar de 25e kear. Wa't oan 'e ein fan it kampioenskip de skerpste seine hat, mei him in jier lang wrâldkampioen neame.