Lins (optyk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 64 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q768575
L st
 
Rigel 13:
|}
 
In ''bolle'' (konvekse) of ''positive'' lins is oan beide siden bol (no. 1 yn it ôfbyld hjirneist), oan ién side bol en oan de oare side flak (2), of oan ién side bol en oan de oare sadanich hol dat de kromming oan de bolle side grutter is as dy oan de holle side (3). Oer it algemien dus in lins dy't ''yn 'e midden dikker is as oan de râne''.
 
In ''holle'' (konkave) of ''negative'' lins is oan beide siden hol (4), oan ién side hol en oan de oare flak (5), of oan ién side hol en oan de oar sadanich bol dat de kromming oan de holle side grutter is as dy oan de bolle side (6). Yn it algemien dus in lins dy't ''yn 'e midden tinner is as oan de râne''.
 
Yn de folksmûle wurdt in holle (dus negative) lins faak in ''ferlytsjende'' lins neamd. Neffens datselde spraakgebrûk soe in bolle (positive) lins altiten fergrutsje, mar dat kloppet net altitem.